Nijsgjirrich

It wylde hynder waard tûzenen jierren letter domestisearre as de oare lânbouhûsbisten. Earst gong it foaral om it fleis en de hynstemolke, letter waarden it lûkbisten. 
Noch wer letter leveren se by de kavalery in bydrage oan oarloggen. 
It hynder waard al gau brûkt as riid- en as lûkhynder. Yn 'e Midsiuwen waard de beage útfûn. Dat ferdûbele wat de hynders lûke koene. 
De feehâlderij frege hynders dy't hurd koene, de ikkerbou hie ferlet fan swiere hynders foar de grûnbewurking. Letter waard dat troch trekkers oernommen. 
Hjoeddedei wurdt it Fryske hynder benammen foar it rekreatyf riden brûkt. Dat it ek noch oars kin, bewiist Augustinus Hoekstra mei syn stoeterij. 

rouwpaard

Stoeterij  

Augustinus kocht doe't er fjirtsjin wie syn earste hynder dêr't er menwedstriden mei wûn. Twa jier letter kaam der in hynder by. Mei dit span hie er ek súkses. Nei't er yn de Feriene Steaten hynders treend em sjows riden hie, begûn er yn Sibrandabuorren mei in tal Fryske hynders in stoeterij.
De grutter wurdende fraach út it bûtenlân nei Fryske hynders die der oan mei, dat er dêr in eigen hannels- en treningsstâl: FriesiansforExport begûn.
Foarhinne hie men op elts doarp in fuorman dy't mei syn hynder(s) meidie oan bysûndere oangelegenheden. No is dat oars.
It hâlden fan in stoeterij, sa't Hoekstra it docht, komt hast net mear foar. 
Koetsiers binne faak min te finen. It kostet in soad om in stoeterij op gong te bringen en te hâlden. 
De hynders en it reau moatte der tiptop útsjen en dus ekstra fersoarge en poetst wurde. 
Dan noch it ferfier nei it plak dêr't de hynders en it reau ynset wurde. Wer thús moat alles opromme en skjinmakke wurde. Mei de wachttiden der by rekkene, kostet dat in hiele dei. 
Dochs is Augustinus net fan plan der mei op te hâlden. Wat as leafhabberij boegen, wurdt mei leafde foar it Fryske hynder fuortset. 
Hoekstra en syn heit fersoargje ek rou- en troukoetsen.
Winners op Thialf yn It Hearrenfean wurde mei in belslide oer it parkoers riden. 

Oare tapassings 

Oare foarmen fan it wurkjen mei Fryske hynders binne de quadrille, it riden yn dressuer en ride mei fjouwerspannen en mearspannen. 
Janneke, Augustinus syn frou, docht mei oan ringstekwedstriden. 
Sûnt 2010 binne beide ek aktyf yn de túchsport. Sa ha se meidien oan de grutte sjow 'Faderpaard' en oan de jubileumsjow by it 130-jierrich bestean fan de 'Koninklijke Vereniging Fries Paardenstamboek'.
De Hoekstra's ride regionaal en nasjonaal.